Ga naar inhoud
De frou yn 'e flesse (E-book)
1 / 1

De frou yn 'e flesse

Anne Wadman | West Fries | 193 pagina's
6,50

Direct beschikbaar

Bestel nu en begin gelijk met lezen (24/7)

Veilig betalen met:

Yn De frou yn 'e flesse, Wadman syn fyftjinde

roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de

eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke

Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in

oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip

Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin.

Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in

ferneamd musikus, mei him foar hat.

Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik,

Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it

Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân.

Op 'e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren

in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne,

de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn

it jier dat de roman beslacht in krisis yn har

bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal

komt yn dizze roman op it aljemint. Wat de literêre

foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze

roman nei nije wegen. Dizze twadde printing is in

werútjefte fan de earste út 1988.

Wa't der gjin parody yn sjen kin, of wol, op it modieuze

sjenre fan de `skoalleroman' ('t Hart, Siebelink, Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút.

Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij

Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is.

Rients de Boer yn it Friesch Dagblad

Specificaties

Betrokkenen

  • Auteur(s)Anne Wadman
  • UitgeverijElikser B.V. Uitgeverij
  • ImprintTDE

Reviews

De frou yn 'e flesse (E-book)
(0)
Schrijf als eerste een review!